31 - IEPE
Hoofdstuk 31 - Paragraaf 4
31. IEPE

31.4 IEPE FRYSK

IEPE FRYSKE OERSETTING (troch Klaas Bruinsma).

Dielnimmende ynstellingen en stipers.
Prins Claus Conservatorium
IFB Stichting Sailing Brass
Revalidatie Friesland (RCFB)

De bjusterbaarlike wrâld fan Embouchure en Sjongen.
Feiten en Fabels.
Doelgroep: alle spilers fan blaasynstruminten (houten en koperen), sjongers, learlingen fan 12-100 jier, learaars oan muzykskoallen, dosinten fan konservatoria, paramedyske therapeuten, medyske spesjalisten en artsen.

Wolkom
Achte kollega’s , sjongers en spilers fan blaasynstruminten. It is ús in nocht jim út te noegjen ta in unyk Underwiis projekt: De wûnderlike wrâld fan Embouchure en Sjongen (IEPE) dat hâlden wurdt op 2 novimber 2013 te Beetsterswaech, Fryslân Ned..
It algemien doel fan IEPE is de wittenskip tapasse yn sjongen en it ûnderrjocht yn blaasmuzyk.
Wy hoopje, dat de nijste wittenskiplike kennis op it mêd fan embouchure, sjongen en sykheljen in stipe wêze sil foar alle amateurs en beropsmusici en sjongers ta it ferheegjen fan har muzikale prestaasjes.

Ferskate fan de bêste Europeeske muzykwittenskiplike spesjalisten op dit mêd binne útnoege foar dit iene en unike ûnderwiisprojekt. Hoewol strikt wittenskiplik, binne de lêzingen opset op in tige heldere wize mei alderlei video taljochtings en bylden om it sa ienfâldich mooglik en begryplik te meitsjen foar in net- Ingelstalich publyk. Der is in Nederlânske en in Engelse tolk.

It program is alhiel rjochte op de wurklikheid. Dat sil it alle learaars en de oare dielnimmers likegoed, mooglik meitsje soarchfâldich te studearjen en har stûdzjemateriaal fuartdakik te brûken. Der is in soad tiid foar diskusje en gelegenheid fragen te stellen oan de sprekkers. It Underwiisprojekt jout ek moetings tusken sjongers, spilers fan blaasmuzyk, learlingen en learaars. Dokters, therapeuten, wittenskipslju, lieders fan muzykskoallen en konservatoria, diriginten, harmony- fanfarekorpsen en brassbands.
De muzykale tussenskoften mei internasjonale masterkeunstners foarmje in wêzentlik part fan it ûnderwiisprogram. In poster-presentaasje foar wittenskiplike ûndersikers op it mêd fan embouchure, sjongen en stipe foar goed sykheljen is bedoeld petaeren te befoarderjen, gearwurking mooglik te meitsjen en netwurken te skeppen tusken ûndersikers , clinicjouwers en musici.
It plak fan de IEPE gearkomste is it revalidaasje-sintrum Friesland yn Beetsterswaech (RCFB). Dêr stiet de klinyk fan pasjinten foar muzyk en revalidaasje. Beetsterswaech leit sintraal yn Noardnederlân en it is in kontrei fol muzyk.
Kees Hein Woldendorp , foarsitter
Hans Boschma, lieder fan de Stifting foar Blaasmuzyk
Jos van der Sijde, Prins Claus Conservatorium, Groningen (Stêd Grins).

Hoe berikke Jo Beetsterswaech?

Fluch en maklik mei de IEPE bus.
It Revalidatie Centrum Friesland (RCF) yn Beetsterswaech leit in eintsje ôf fan de A7.
It is maklik te berikken ût alle wynstreken, sawol mei de auto as it iepenbier ferfier.
Op de hûsside fan ynternet is in krekte plattegrûn te finen, www.revalidatiefriesland.nl

a)De auto
It RCF Beetserswaech leit in eintsje ôf fan de A7 autowei Grins-Hearrenfean.
Nim de ôfslach Beetsterswaech en folgje de buorden fan de IEPE nei de buorden fan Beetsterswaech en RCF. Parkearjen is fergees.
b)Iepenbier ferfier
1. Mei it fleantúch.
De fleanfjilden yn Nederlân binne: 1. Schiphol by Amsterdam. 2. Groningen-Eelde (is het tichste by). 3. Eindhoven. 4. Rotterdam.
Utsein fleanfjild Groningen-Eelde is dêrwei in goed netwurk fan treinen die Jo bringe kinne nei de treinstasjons Hearrenfean of Grins (Groningen centraal station).
Reizgers dy’t op Groningen airport oankomme kinne de spesjale IEPE bus nimme.
Graach oanmelde middels it ynskriuwformulier.

Underkommen
By it IEPE stânplak binne ferskate hotels yn alle kategoryen, en ‘Bêd-en-Brochje’ adressen.
Sjoch de list op de IEPE homepage oer www.RCF of www.embouchure.nl.
Yn Drachten (op 6 km fan Beetsterswaech), Grins, Ljouwert en It Hearrenfean (elts op 30 km) fine Jo mear hotels fan ferskate gradaasje. Dêr binne gâns winkels, restaurants, musea en in moaie natoer in noflik ferbliuw yn de streek.

Ynskriuwings kosten en algemiene ynljochtings (konsept)
De akkreditaasje jildt foar (hûs) artsen en guon medyske spesjialisten.

It Underwiisprojekt
Om de organisaasje fan dit ienkearich projekt finansjeel mooglik te meitsjen binne de kosten fan it kongres (kofjemiel en buorrel ynbegrepen) neffens it ynkommen fan medyske dokters
Euro 200 , therapeuten en direkteuren 100.
Musici 35, studinten ûnder de 25 jier 20 euro. Korting foar iere fûgels.
Alles beheind tal fan 250 ynskriuwers.

Jûnsprogram
Nei de buorrel wurdt in buffet optsjinne op it plak fan it ûnderwiis projekt.
Dernei folget in konsert. Foar it miel en it konsert moatte Jo rekkenje Euro 37.50 p.p.
Dit jildt alline foar de besikers fan IEPE en har gasten.

Yntekenje
Stjoer de antwurdkaart yn fóár 15 oktober 2013. Of download fan de webside www.revalidatiefriesland.nl. Of Email oan k.h.woldendorp@revalidatie-friesland.nl.
Jo binne yntekene nei de oankomst fan Jo beteljen. Foar akkreditaasje moat eltse dokter har of him ynstriuwe foar it gehiel; meld it BIG nûmer. As Jo ynskriuwe fóár 1 jan. 2013, dan is de koarting op de kongreskosten Euro 20 foar medyske dokters, therapeuten, direkteuren en managers.
Foar musici en studinten Euro 10, útsein it jûnsprogram.
Adres fan IEPE en it Jûnsprogram: Revalidatie Friesland RCF, Haadstrjitte 5, 9244 ZN Beetsterzwaag NL.

Opnames:
Tiidens de dei fan IEPE wurde audio-en video opnamen makke foar publikaasje yn it Amerikaans medyske tydskrift MPPA= Medical Problems of Performing Artists= Medische Problemen van Uitvoerende Keunstners.Sjoch www.sciandmed.com.

Ynljochtings:
Fragen oer oanmelding kinne Jo stelle oan OFFICE Educational Project – office=buro till. 0512-38.92.95 of k.h.woldendorp@revalidatie-friesland.nl .

De útnoege Gastsprekkers binne
Dr.Jaume Rosset Lliobet, Muzykwittenskipper, orthopedysk- en trauma sjirurch fan it Institut foar Fysiologicy Medicina del’Art.Terrassa, Spanje.
Prof.Dr.Med.Matthias Bertsch, Universiteit fan Muzyk en Utfierende Keunstners, spesjalist foar Muzykfysiology en Muzyk spesjalist foar trompet Wenen, Eastenryk.
Prof.Dr.Eckart Altenmüeller , Neurologysk Institút foar Muzykfyiology en Muzyk. Med. Hegeskoalle foar Muzyk, Theater en Media, Hanover, Dútsklân.
Prof.Dr.G.Methfessel(O.F.)Mûlechirurg, orthodontist, muzyk med. Hegeskoalle foar Muzyk Dresden, Dútsklân.
Dr.Berend Willem Meiburg, Psycholoog. Tomatis Audio Psycho- Phonology spesjalist en eartyds senior lector Jazz-piano oan it Prins Claus Conservatorium. Adres Borgercompagnie.NL.
Dr.Ir. Ralph Henssen Acôustikus, Barock Solo Trompetspiler, Rector fan Middelbare Skoallemienskippen Heerlen. Wylre NL.
Drs.Boni Rietveld.Orthopedysk sjirurch, Trompet . Medisch Centrum voor Dansers en Musici, Den Haag. Foarsitter NVDMG.Aerdenhout NL.
Dr.Willem Kersing. Keel-, Neus- en oorspesjalist Enschede. Piano.
Dr.Med. Matthias Echternach, ENT Fysicus.Freiburger Institut für Musiker Medizin, Freiburg Dútsklân.
Cathrine Sadolin of harren earste toptrainster Merete Dithmer Möller van CVI-Complete Voice Institute, Kopenhagen Denemarken en Complete Voice Metoade
Hans Boschma, Solist All Brasses All Styles, Komponist en Fysiotherapeut. Auteur fan o.a. www.embouchure.nl. Embouchure en sykhelje spesjialist
Drs.Kees Hein Woldendorp Revalidaasje dokter. Revalidatie Friesland Beetstersweach Fryslân NL.

Keunstners
Hinget ôf fan de begrutting gearbrocht troch de stipers en sponsors.

Gearfettings fan de lêzingen kinne oannomen wurde oant 31 augustus 2013.
Sjoch de oprop fan ynstjuren gearfettings op webside www.revalidatiefriesland.nl of www.embouchure.nl

PROGRAMMA
09.30-09.45 Iepening mei “De Fanfare foar de Gewoane Spiler” troch Brasspack út Zwolle. Komponist Henri Gerrits.
De Zandkunstenaar.
09.45-10.00 Iepening Mevrouw Jannewietske de Vries Gedeputeerde voor Cultuur Friesland -Kees Hein Woldendorp
10.00-10.15 Embouchure en enbouchure Hans Boschma (dizze foardracht komt op papier foar de tahearders om romte te meitsje foar bûtenlânske sprekkers)
10.15-10.45 Koperen ynstruminten bespylje, feiten en fabels Jaume Rosset i Llobet
10.45-11.15 It bespyljen fan fluiten, feiten en fabels Matthias Echternach
11.15-11.40 Kofjeskoft
11.40-12.00 Trombônekomposysje mei multiphony en circulophony Henri Gerrits
12.00-12.15 Sykhelje en blaasynstruminten Boni Rietveld en Willem Kersing
12.15-12.30 Forumdiskusje
12.30-13.20 Middeismiel (mei lunchoptreden van Jitske Draijer en/of Jannie Brandsma mei harren bands)
13.20-13.30 Wereldband Act of optreden fan Jannie Brandsma mei band Wereldband of Jannie Brandsma Band (mei misskien een gastoptreden fan Hans Boschma trompet)
13.30-13.50 Tosken en blaasmuzyk G.Methfessel (o.v.)of kollega.
13.50-14.10 Jo brein en (koper)blaasmuzyk Eckart Altenmüeller
14.10-14.30 Harkjen as haadsaak foar muzykanten Berend Meiborg
14.30-14.40 Akûstik , materialen troch de geskiednis hinne Ralp Henssen
14.40-14.55 Forum diskusje
14.55-15.15 Octet Prins Clauskonservatorium Jos van der Sijde
15.15-15.30 Teedrinken
15.30-15.45 Non-buzz embouchure fersterking fan tonische of fasische vezels Hans Boschma (Het is mooglik dat dit item allinich op papier komt foar de tahearders sadat wy der in oare sprekkers meer tiid jaan).
15.45-16.15 Opwaarmje blaasynstruminten, feiten en fabels Matthias Bertsch
16.15-16.30 Wat rol spilet de bûk as stiper foar it sykheljen? Kees Hein Woldendorp
16.30-16.45 Complete Voice Method fan C.V.Institute Cathrine Sadolin of harren 1th Trainer Merete Dithmer Möller
(Met uitloop tijdens de forumdiskussie in andere ruimte voor koren en zangstudenten).
17.00-17.15 Sluting
17.45-18.30 Buorrel mei muzyk op de eftergrûn (piano en fioele lichte muzyk fan P
Prins Claus Konservatorium)(Û.F.)

Jûnsprogramma
18.30 Buffet
20.00-21.30 Millennium Jazz Orchestra mei ferskate solisten.
0.a. Jannie Brandsma mei folslein nije Fryske jazz fersies fan Süd Amerikaanse stikken.
(Brasiliaanse Bossa e.s.w.h.). Mei oersettings fan Hans Boschma en Klaas Bruinsma)
konsert Millennium Jazz Orchestra û.l.f. dirigint Joan Reinders. Dosint Artez Enschede, grutte promotor fan blaas- en sjongmuzyk yn de breedste gearfettings. Komponist.


31.4 IEPE FRYSK